Bysûndere aksje by earste thúswedstriid SC Hearrenfean

16 aug 2018 - 17:25

Sportklup Hearrenfean stiet snein by de earste thúswedstriid tsjin Vitesse stil by minsken dy't it ôfrûne seizoen de klup ûnfallen binne. Dat meldt de klup op de eigen webside.

Hearrenfean ropt supporters op om yn de tolfde minút stean te gean en te applaudissearjen foar de minsken dy't der net mear binne. De klup kiest foar de tolfde minút as ferwizing nei de term tolfde man of frou, dêr't oanhingers fan in fuotbalklup mei bedoeld wurde. Sy wurde sjoen as tolfde lid fan it team.

(advertinsje)