Auto rekket yn de slip op A32 en fljocht oer in sleat

Op de A32 by Haskerdiken, tusken Akkrum en It Hearrenfean, is tongersdei in auto yn de slip rekke, oer in sleat hinne flein en yn in greide bedarre.
De brânwacht kaam nei it plak fan it ûngelok ta, om't de bestjoerder mooglik beknypt siet. De automobilist is út de auto wei helle en oerbrocht nei it sikehûs. De auto hie troch it ûngelok grutte skea.