Rêdingsbrigade warskôget foar risiko's driuwmiddels

Minsken binne net genôch op de hichte fan de gefaren fan opblaasbere driuwmiddels. Dat seit de Reddingsbrigade Nederland. De libbensgrutte flamingo's, ienhoarnen en krokodillen binne de lêste jierren hiel populêr om mei te boartsjen of om lekker op te luierjen. Mar by in ôflannige wyn kinst samar in hiel ein fan it strân ôf driuwe.
© ANP
De rêdingsbrigade warskôget badgasten dêrom foar de risiko's. As de oranje wynsek yn de mêst hinget, betsjut dat net allinne dat it gefaarlik is om te swimmen fanwege in ôflannige wyn. Hij wiist der ek op dat it net ferstannich is om mei dyn flamingo of krokodil it wetter op te gean.