Mega-houten brêge út It Fean

28 jun 2012 - 12:57

By brêgebouwer GrootLemmer fan It Hearrenfean wurdt al skoften wurke oan in 350 meter lange houten brêge. De fabrikaazje giet yn parten, it earste stik fan 70 meter is no klear. De brêge wurdt as in loftsingel om in gebou yn Rotterdam pleatst. Dit stedsprojekt wurdt foar in part betelle troch de Rotterdammers sels. Sy koene in stikje brêge keapje en harren namme deryn sette.

Moandeitenacht giet de brêge op transport. Dit moat jûns omdat der oars tefolle gefaar is foar it oare ferkear.

Trefwurden: 
Rotterdam brêge GrootLemmer
(advertinsje)