Hûnebegelieders plysje moatte tsjinstauto ynleverje

16 aug 2018 - 16:17

Fiif Fryske hûnebegelieders moatte harren tsjinstauto's no dochs ynleverje. Dat hat de rjochter útmakke.

Foto: ANP

De Nasjonale Plysje wol net mear dat hûnebegelieders in tsjinstauto hawwe mei in kennel deryn. De auto's moatte tenei ynset wurde foar algemien gebrûk fan de hûnebrigade. Dat betsjut dat de hûnebegelieders mei de eigen auto en hûn nei it wurkplak reizgje moatte. Dat wolle se net, ûnder oare omdat se benaud binne dat de privee-auto nei hûn begjinne soe te rûken. Se stapten dêrom nei de rjochter.

Hûnekoai

De begelieders krije no as kompensaasje in hûnekoai foar yn de eigen auto en in oanhingwein foar de hûn. Boppedat krije de begelieders in hegere reiskostefergoeding. De rjochter fynt dat it probleem sa goed genôch oplost is en dat de tsjinstauto's no wol ynlevere wurde kinne.

(advertinsje)