Súdwesthoeke opnij de bêste yn slachfjild by De Lemmer

16 aug 2018 - 16:06

De Súdwesthoeke hat foar de twadde dei op rige it skûtsjesilen by De Lemmer wûn. Twa skûtsjes ha de finish net helle. Op it skûtsje fan Akkrum is de skoateman ferwûne rekke troch in klap fan de gyk. En it skûtsje fan Earnewâld hat averij oprûn oan de opstekker. Skipper Auke de Groot fan de Súdwesthoeke hie sûnt 2011 noait mear wûn. En no pakt er twa deiprizen efterinoar.

Klassemintslieder Hearrenfean kaam by de ûnderste tonne yn oanfarring mei Earnewâld en Akkrum. Earnewâld hie skea oan de opstekker, en moast de striid ferlitte. By Akkrum rekke in bemanningslid ferwûne. Akkrum koe ek net fierder.

By Akkrum, Earnewâld en Hearrenfean wapperen de reade flaggen. In útspraak fan de sjuery sil bepalend wêze foar it klassemint.

Gjalt de Jong praat direkt nei de oanfarring mei skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld

De Súdwesthoeke kaam goed út de start wei, en wie mei Grou as earste by de boppeste tonne. De Súdwesthoeke sylde oer stjoerboard, en gong flak foar Grou oerstach. It wie de bedoeling om tusken Grou en de tonne troch te silen, mar dat mislearre. De Súdwesthoeke rekke de tonne. Dat mei net. It skûtsje sylde fierder. Net ien protestearre.

It skûtsje fan Huzum kaam as twadde oer de finish. De Lemmer waard tredde, en Ljouwert fjirde. Grou finishte as sânde, en It Hearrenfean as achtste. Dat soe betsjutte dat Hearrenfean de kopposysje hâld, mar dan moatte se wol it protest fan Earnewâld winne. As Hearrenfean ferliest, wurdt Grou de nije koprinner. "It is hast net mear by te hâlden, seit skipper Douwe Visser fan Grou." Hy moast even úthymje, fuort nei de wedstriid.

Skipper Douwe Visser fan Grou

Trefwurden: 
De Lemmer skûtsjesilen SKS
(advertinsje)