Dûkers drage guod út sonken oarlochsskip oer oan Dútsers
Dûkklup De Zeester yn Lauwerseach hat it guod dat se yn 2004 út in sonken Dútsk oarlochsskip út de Earste Wrâldoarloch helle hiene, oan de Dútske oerheid oerdrûgen. Yn maaie dit jier wie de skrik grut, doe't de Dútske justysje ûnferwachts ynfallen die by leden fan de dûkklup.