Akkrum ferlit silerij mei ferwûne bemanningslid, traumahelikopter oproppen

Undersyk yn it sikehûs fan Hearrenfean hat útwiisd dat it goed giet mei de skoateman fan Akkrum. Dy waard rekke troch de gyk fan in oar skûtsje by in krappe sitewaasje ûnder de wedstriid op De Lemmer. It skûtsje fan Akkrum hat de wedstriid ferlitten.
Averij by de ûnderste tonne
Ut foarsoarch wie de traumahelikopter oproppen. Dat meldt de SKS. It slachtoffer is by kennis. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht, seit Appie Boorsma fan it skûtsje fan Akkrum. Boorsma is de skoanheit fan it slachtoffer. "Hy moat noch in scan ha, ter kontrôle. Syn frou is by him."
Appie Boorsma is de skoanheit fan it slachtoffer
Dy scan hat yntusken west, en en dêrút hat bliken dien dat it goed giet mei it slachtoffer. Der kaam focht út syn noas, en as dat harsenfocht wêze soe, hie dat tsjutte kinnen op in skedelbasisfraktuer. It blykt gjin harsenfocht te wêzen. "Der is neat mei him oan de hân," seit ferslachjouwer Geartsje de Vries, "hy komt gewoan werom."
De gyk dy't by Akkrum oer it dek kaam, wie fan Hearrenfean. Skipper Pieter Meeter fan Akkrum hat protest yntsjinne. De sjuery moat dêr in útspraak oer dwaan.
It skûtsje fan Earnewâld wie by itselde ynsident belutsen. Earnewâld hat de wedstriid mei averij ferlitten.