Goud foar Smeekens op 500 m.

05 nov 2011 - 14:03

Jan Smeekens fan Snits is foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen op de 500 meter wurden. It ferskil mei Michel Mulder wie mar ien hûnderste. Stefan Groothuis pakte it brûns. It fjirde plak wie foar Feanster Jesper Hospes.

Jan Smeekens wie freed de rapste (35,08) en sneon tredde (35,52). Michel Mulder waard twa kear twadde (35,20 en 35,41). Hospes wie freed op de earste 500 meter tredde. Hy ried doe in persoanlik rekôr: 35,26.

(advertinsje)
(advertinsje)