FIDEO: SC Cambuur iepenet seizoen mei útwedstriid by NEC

16 aug 2018 - 14:37

SC Cambuur begjint de kompetysje mei in swiere útwedstriid. Freed is NEC yn Nijmegen de tsjinstanner. Dat wurdt in ynteressant duel, want beide ploegen hawwe neffens ôfrûne seizoen in folslein oare seleksje gearstald.

Cambuur kin by it begjin fan de kompetysje net op elkenien in berop dwaan. De beide sintrumferdigeners, Robbert Schilder en Matthew Steenvoorden, sitte in skorsing út. Spits Nigel Robertha is blessearre en dat jildt ek foar Daan Boerlage, Rutger Etten en Omar el Baad. Karim Rossi wie ek blessearre, mar sit wol by de seleksje.

Trainer René Hake is benijd hoe't syn ploech út de oefenperioade komt. "We hebben progressie gemaakt in de afgelopen weken, maar of dat genoeg is voor een goed resultaat zal moeten blijken", sa sei de trainer tongersdei. "Er is concurrentie in de groep. Dat moet het niveau omhoog brengen."

NEC

Tsjinstanner NEC wurdt sjoen as ien fan de kampioenskandidaten. Oer dy klup is Hake dúdlik: "NEC heeft een goede ploeg. Die gaan meedoen voor de titel. Ik vind het een interessante wedstrijd. We gaan kijken hoe we ons staande houden in een kolkende Bloedkuul."

Opstelling SC Cambuur: Mous; Sambissa, Mbende, Van Koesveld, Van Wermeskerken; Schils, Schindler, Maulun, Ciganiks; Conraad, Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)