Rutte komt foar wurkbesiten en Van der Weijden nei Ljouwert

16 aug 2018 - 13:43

Minister-presidint Mark Rutte is takom moandei yn Fryslân foar in wurkbesite oan de Dairy Kampus en de Wetterkampus yn Ljouwert. Nei ôfrin fan dizze besiten is Rutte by de finish fan swimmer Maarten van der Weijden, dy't dit wykein de Alvestêdetocht swimme sil.

Mark Rutte - Foto: ANP

Rutte kriget op de beide kampussen in rûnlieding en sil mei ûndersikers, ûndernimmers en bestjoerders prate oer de takomst fan de lânbou, duorsumens en it lân- en wettergebrûk.

De premier kriget ek útlis oer boargerinisjatyf 'Kening fan de Greide', dat him ynset foar it behâldt fan it ferskaat oan planten en bisten yn de greiden.

(advertinsje)