LIVE: Twa skûtsjes falle út nei oanfarring by De Lemmer

Mei noch twa wedstriden te gean binne der seis skûtsjes dy't kâns meitsje op it kampioenskip. Hearrenfean (32,7), Grou (35,8), Earnewâld (35,9), Akkrum (38), De Lemmer (41), en Ljouwert (41,7) ûntrinne mekoar net in soad. Op de Iselmar by De Lemmer wurde de kaarten skodde. Wa't hjir min sylt, kin it kampioenskip wol ferjitte.
De waarman fan de SKS ferwachtet op de Iselmar by De Lemmer deselde omstannichheden as in dei earder. Wynkrêft fjouwer, mei pûsters fan wynkrêft fiif, út it súdwesten wei. De wedstriidkommisje hat ek deselde baan keazen as by de sleepstartwedstriid. Der leit in sânglês yn de baai by De Lemmer. Sûnder sleepstart.
Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.