Kampearbedriuw nimt De Vrijbuiter en De Waard Tenten oer

De Sunshine Group hat de saaklike aktiviteiten fan kampearhal De Vrijbuiter en De Waard Tenten oernaam. Beide bedriuwen giene resint fallyt. De Sunshine Group is in Nederlânske ûndernimming dy't al trije kampearmerken hie, wêrûnder Alpenkreuzer.
© Frits Emmelkamp, RTV Drenthe
It bedriuw set benammen yn op de De Waard Tenten. Dêryn sjocht it bedriuw groeimooglikheden. Wat de oername krekt betsjut foar de winkels fan De Vrijbuiter, wêrûnder de haadfêstiging yn it Drintske Roden, is noch net bekend.