SKS feroaret útslach fan sleepstartwedstriid

16 aug 2018 - 11:29

De wedstriidkommisje hat de útslach fan it skûtsjesilen by De Lemmer oanpast. Troch in fout fan de kommisje wie it skûtsje fan Wâldsein as lêste op papier kaam. Dat skûtsje kaam as tolfde oer de finish, seit de kommisje no.

Yn de earste útslach waard melden dat Drachten as lêste oer de finish kaam. Yn de offisjele útslach waard Wâldsein as lêste opskreaun. No blykt De Jouwer ynienen de hikkesluter te wêzen. Skipper Rinus de Jong lit it der by. De oanpassing soarget net foar ferskowingen yn it klassemint.

"We ha in foutsje makke"

Allinne by it opskriuwen fan de útslach fan de lêste trije dielnimmers is der wat mis gien. De oare útslaggen bliuwe stean.

(advertinsje)