Cydalima perspectalis dwaande oan opmars yn Noard-Nederlân

16 aug 2018 - 11:24

De Cydalima perspectalis, oftewol de buksbeamkemot, is neffens natuerwebside Nature Today yn it Noarden fan Nederlân oan in opmars dwaande. Allinnich de Waadeilannen soene noch net berikt wêze. Wannear't dat wol it gefal is, sit it hiele lân ûnder de út Azië ôfkomstige mot.

De buskbeamkemot - Foto: Wikemedia Commons/Ellywa

De nachtflinter waard yn 2007 foar it earst yn ús lân sjoen yn it westlike diel fan it rivieregebiet. De flinter kin in soad skea oanrjochtsje oan tunen en hat it benammen foarsjoen op buksbeamkes. Dy wurde yn rap tempo oantaaste troch de mot.

Trefwurden: 
buksbeamke mot buksbeamkemot
(advertinsje)
(advertinsje)