Oantal WW-útkearingen nimt yn Fryslân flink ôf

16 aug 2018 - 10:33

It oantal WW-útkearingen yn Fryslân is yn july mei goed seis prosint opnij flink ôfnaam. Ein july telde ús provinsje 10.700 útkearingen en dat binne der hast 700 minder as oan it begjin fan de moanne.

UWV - Foto: ANP

Neffens de sifers fan in jier lyn is it oantal útkearingen sels mei goed 4.000 nei beneden gien. De oanhâldende ekonomyske groei soarget neffens it UWV foar bettere perspektiven foar wurksykjenden.

Allinnich yn de finansjele sektor nimt it oantal banen al jierren ôf. Dat hat benammen te krijen mei reorganisaasjes by banken, dy't harren tsjinstferliening hieltyd mear digitalisearje.

Trefwurden: 
WW UWV útkearing
(advertinsje)