Alles datst witte moatst foar it Reuzewykein

17 aug 2018 - 07:25

Dit wykein wurde der yn totaal 400.000 minsken yn Ljouwert ferwachte. Dat kin fansels allinnich as der allerhande maatregels naam wurde en dy maatregels hawwe gefolgen foar de gewoane gong fan saken yn de stêd. Wat der allegearre feroaret en hoe't it allegearre wurket, wurdt yn dit artikel útlein.

Royal de Luxe Reuzen - Foto: Royal de Luxe / Artcompress / Pascal Victor

Wêr en wannear kinst de Reuzen sjen?

Yn de binnenstêd fan Ljouwert rinne de trije reuzen ferskate rûten op freed 17, sneon 18 en snein 19 augustus.

Freedtemoarn, fan 10.00 oere ôf, hawwe it famke en de dûker beide in aparte rûte en middeis noch in kear. It hûntsje rint hin en wer tusken beide. Tuskentroch hâlde se 'siësta' en ek nachts sliepe de Reuzen bûtendoar earne yn Ljouwert. De dûker bringt de earste nacht troch op it Saailân en it famke op it Cambuurplein.

Sneon begjinne de Reuzen om 9.30 oere op it plak dêr't sy freeds yn sliep fallen binne. De Reuzen fine inoar oan de ein fan de dei by it WTC Expo en falle dêr wer yn sliep.

Op de lêste dei is der ien rûte mei alle Reuzen. Dy útswaaiparade begjint middeis om 14.30 oere by it WTC en giet healwei fierder oer it wetter, ûnder oare troch de Prinsetún en oer de Dokkumer Ie de stêd út. Klik hjir foar de folsleine rûten fan de Reuzen. Mear witte oer de Reuzen? Wy hawwe in portret fan it famke, de dûker en Xolo de hûn makke.

Wêr moatst no grif by wêze?

In echte oanrieder is de start op freed by de Willemskade. Hjir komt de dûker út it wetter om syn tocht op it lân fuort te setten. Nei alle gedachten sil dat hiel spektakulêr wêze. Op sneintemiddei rinne de Reuzen de folsleine rûte mei syn trijen. Sa krigest it moaiste fan de Reuzen mei.

Wêr kin ik parkearje?

Besikers dy't mei de auto nei de Reuzen fan Royal de Luxe ta wolle, kinne in parkearplak fine op ien fan de trije megaparkearplakken dy't krekt bûten Ljouwert ynrjochte wurde. It giet dan om de folgjende lokaasjes:

  • De Hemrik: by de Planetenlaan. Hjir hawwe in grut ferskaat oan bedriuwen harren parkearplakken beskikber steld foar it evenemint.
  • De Zuidlanden: de greiden by de Zuidlanden, de Middelsee, krekt njonken Ljouwert.
  • De Zwette: by de Dairy Campus, oan de súdkant fan de stêd.

Der wurde pindelbussen ynset om de minsken fan de parkearplakken nei it sintrum fan de stêd te bringen. Dizze sille alle fiif minuten ôf- en oanride, en hawwe in rûte nei it Sixmaplein (fan De Hemrik en De Zuidlannen ôf) of it stasjon (fan De Zwette ôf). De bussen ride fan 7.00 oant 22.30 oere. It parkearjen kostet 12,50 euro foar ien auto; dat is ynklusyf pindelbus foar maksimaal 9 minsken.

De organisaasje drukt minsken op it hert om foaral net op eigen houtsje in parkearplakje te sykjen yn de stêd. Trochdat de rûten fan de Reuzen troch de folsleine stêd rinne, binne in soad diken ôfsletten en sille der ek in soad parkearferbodden wêze. Dêrnjonken binne de parkeargaraazjes yn de stêd foar it grutste part net berikber.

En kinst op de fyts komme?

Fansels! Allinnich yn de binnenstêd meist tusken 8.00 en 19.00 oere net komme mei de fyts. By de opkearingen om de binnenstêd hinne, meastentiids by brêgen, steane genôch fytserekken wêryn'tst dyn fyts kwyt kinst.

En hoe sit it mei it iepenbier ferfier?

Arriva en de NS sette yn it evenemintewykein fan de Reuzen mear en langere treinen en bussen yn. Der wurdt besocht om de treinen op maksimale lingte te krijen. Dat betsjut dat se dan like lang binne as de stasjons dy't se oandogge. By Arriva kinst spesjale dei- of multidei-treinkaartsjes keapje dy'tst brûke kinst om by de Reuzen te kommen en wer werom.

De tsjinstregeling fan Arriva is foar it evenemint foar in grut part oanpast. Om't de Reuzen troch de hiele stêd rinne, kin in grut tal bussen net de gewoane rûte ride. Reizgest mei de bus? Sjoch de oanpaste tsjinstregeling fan Arriva om út te finen oft dyn bus noch hieltyd de gewoane rûte (en op tiid) rydt. Minsken moatte wol rekken hâlde mei in langere reistiid.

Ik haw medyske help nedich! Wat no?

By need: belje altyd 112! De gemeente, plysje en helptsjinsten wurkje gear mei de organisaasje fan Royal de Luxe, sy kinne dus by need altyd by dy komme. Gjin need, mar wol medyske help nedich? Belje dan 14058.

Is it MCL noch wol berikber?

Ja, op de fyts is it sikehûs goed berikber en mei de auto ek. Op wol 6 manieren:

  • Ut It Hearrenfean / Grou (A32) wei: ryd fia knooppunt Werpsterhoek, rjochting Ljouwert East en folgje de N31 oant ôfrit 26 (Ljouwert East). Fia de Drachtsterwei komst de stêd binnen.
  • Ut Harns / Boalsert wei (A31/N31): folgje de Heak (N31), nim ôfrit 26 (Ljouwert East).
  • Ut Drachten / Garyp wei (Wâldwei, N31): nim ôfrit 26 (Ljouwert East).
  • Ut Dokkum / Hurdegaryp wei: folgje de Sintrale As (N355) rjochting Ljouwert, Anne Vondelingwei, Aldlânsdyk, Henri Dunantwei.
  • Ut Gytsjerk / Ryptsjerk wei (N361): fia de Anne Vondelingwei, Aldlânsdyk Henri Dunantwei.
  • Ut Stiens wei: folgje fan de rotonde yn Stiens ôf de N393 / N398 / N383 nei de Heak, fierder fia de Heak (N31) nei ôfrit 26 (Ljouwert East)

Komst der net út? Sjoch fan efkes op de ynteraktive kaart dy't it MCL makke hat.

Binne de winkels iepen?

Ja, der binne sels ekstra keapjûnen op freed 17 en sneon 18 augustus. De winkels bliuwe op dy dagen iepen oant 22.00 oere. Ek de Aldehou hâldt him oan dy iepeningstiden. Sa kinst fan boppeôf sjen ofst de Reuzen spotte kinst.

Tûzenen minsken yn de stêd. Is dat wol feilich?

Fansels is dêr hiel goed oer neitocht. Yn it sintrum fan Ljouwert stiet trije dagen lang in mobile kontener fan de plysje. Dêrneist is der in haadkertier fan feilichheid yn it Burmaniahûs oan de Nijestêd. Ek wurdt de drokte yn strjitten goed yn de gaten hâlden. Wurdt it earne te drok? Dan wurde dy strjitten ôfsletten en alternative rûten oanbean.

De rûten fan de Reuzen binne ferspraat oer de stêd. Dit is mei opsetsin betocht sadat der gjin grutte kloften minsken op ien plak komme. Dêrneist binne der ferskate draaiboeken dy't yn needgefallen oproppen wurde kinne. Ek rinne der tritich befeiligers om ien reus hinne. Sy foarmje in sirkel mei in lint sadat de Reuzen frij stappen sette kinne. Sa binne der gjin dranghekken nedich.

De stêd is my fierstente drok! Kin ik it ek thús besjen?

De Omrop soe de Omrop net wêze as wy net in moaie livestream foar de minsken thús regele hiene. De earste foarstelling fan de dûker, it famke en de hûn Xolo op freed 17 augustus is fan 10.00 oere ôf op TV, Omropfryslan.nl, Facebook en yn de Omrop-app te sjen. Presintatrise Jantine Weidenaar fersoarget it kommentaar by de bylden. Fierder is der in ferslachjouwer op 'en paad om de mieningen fan it publyk te peilen en de sfear yn de stêd te priuwen. Ek wurdt der trije dagen lang in liveblog byholden fan de situaasje yn de stêd, de lêste updates oer it ferkear en de sfear.

Trefwurden: 
Ljouwert reuzen Royal de Luxe
(advertinsje)