Swimmers út Sleat klear om Van der Weijden by te stean

16 aug 2018 - 09:45

Tegearre mei tolve oare entûsjastelingen út Sleat sil Trea Leegstra sneon in diel fan de 11stêdeswimtocht swimme. Nei har striid tsjin kanker, wie dit foar har it momint yn aksje te kommen. It doel wie 12.000 euro yn te heljen foar KWF. Dêr binne se no al oerhinne.

Swimme foar it goeie doel - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Trea Leegstra oer de swimtocht

Yn 2013 krige Leegstra de diagnoaze boarstkanker. Doe't se hearde fan it inisjatyf fan Maarten van der Weijden, wist se it fuortendaliks: ik doch mei. "De striid tsjin kanker is noch lang net foarby", fertelt Leegstra.

Har man en bern dogge ek mei. "It is in perioade dy't we mei inoar ôfslute", seit se. "Ek is dizze Alvestêdetocht der mar ien kear. Dêr moatte je by wêze."

Snobsk64

Al gau waard bekend dat Leegstra in diel fan de tocht swimme soe. Dêrnei melden mear minsken harren oan. Tolve minsken út Sleat sletten harren oan by Leegstra. It team hjit Snobsk64. "Elkenien moast wol jild ynsammelje, want dêr giet it úteinlik om", fertelt Leegstra. De teller stiet no op 12.851 euro.

Hege golven

Foar de twa kilometer dy't se ôflizze moast ek traind wurde. Yn de winter begûn de groep al mei swimmen yn it swimbad. "Gelokkich ha we in moaie simmer en koene we al gau nei it bûtenwetter", fertelt Leegstra. "Allinnich de Sleattemer Mar kin wol spûke. Dêr binne dan hege golven."

Ek woansdeitemiddei waard der wer swom troch de grêften fan Sleat. De swimmers hawwe gâns besjoch fan sawol ynwenners as toeristen.

Team Snobsk64 Sleat - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Trea Leegstra en har soan oer de swimtocht

Sneon 18 augustus giet de ploech fan start yn Sleat. Om 12.00 oere begjint it programma mei ûnder oaren Rintje Ritsma en Jelle B.

(advertinsje)
(advertinsje)