Hynders mei gedrachsproblematyk wolkom yn Noardburgum

16 aug 2018 - 07:52

Yn lang net alle stâlen en hynstepensjonnen bart de opfang neffens de regels. Se steane bygelyks te lang binnen of krije net genôch beweging en fersoarging. Hester Bouwman fan stifting Dimarte wit dêr alles fan. Sy hat no in lokaasje fûn dêr't se hynders opfange wol, neffens de hjoeddeistige regels.

Hester Bouwman - Foto: Anne-May Dijkstra, AMD Visual Creations

Hester Bouwman oer de nije hynste-opfang

Bouwman wie al earder op syk nei in stal en akkommodaasje. Fan it winter stuite se op in stâl yn Ychtenbrêge. Dêr waarden de hynders net goed fersoarge. Bouwman brocht dit oan it ljocht en helle har njoggen hynders dêrwei.

Perfekte lokaasje

No hat Bouwman de perfekte lokaasje fûn, yn Noardburgum. Yn it nije ûnderkommen is plak foar tolve hynders. Der is net allinnich romte foar opfang, ek wurde der lessen jûn neffens de fyzje fan Bouwman en har meistanners.

De opfang foar hynders wurdt nei eigen fyzje fersoarge en derfoar is ek jild nedich. Woansdei is de stichting úteinset mei in crowdfundingsaksje. Dat is allinnich nedich foar de opstartkosten. Uteinlik moat it in sosjale ûndernimming wurde dy't him sûnder donaasjes rêde kin.

Iepening

De lessen foar bern sette op 1 septimber útein. De offisjele iepening is yn it wykein fan 21, 22 en 23 septimber. De stâl mei akkommodaasje foar hynders mei gedrachsproblematyk wurdt dan iepene troch boargemaster Jeroen Gebben.

(advertinsje)