Kollum: "Simmeropromming"

16 aug 2018 - 07:19

"Ik ha myn motor ferkocht. Dat wol sizze: hy stiet no by in dealer en wannear't dy 'm ferkeapet is it oer mei it aventoer. Foarearst. En wat moatsto mei dizze ynformaasje? Goede fraach, al sis ik it sels, dat is omdat ik it tsjin alle ferwachtingen yn nochal opromjen fyn, sa'n beslissing.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Myn motorriderij begûn sa'n acht jier lyn, doe't in freon fan my op syn motor nei my ta kaam. Ik fûn dat sa machtich moai, dat ik tocht: dat wol ik ek. En nei in proefles op in motor wie ik der fan oertsjûge: dit is it hielendal. Wat in frijheid! En dan de power fan sa'n motor en dat je troch alle files hinne kronkelje kinne, dat seach ik wol sitten.

Dus naam ik lessen. It ferkear hjir yn Amsterdam is pittich en it kostet mij al wat mear tiid - en jild - as ik tocht hie, mar doe hie ik it dan dochs foarinoar: ik hy myn motorrydbewiis. Ik kocht der fuortendaliks ien, foar wer in bak jild. In moaie ranke en wat wie ik der wiis mei. It wie in stik skroat mei ien en al maleur, mar ik ride der yn it earste jier dat ik 'm hie oeral mei nei ta. Ik hie der in hobby by.

Fan elkenien krige ik te hearren dat it net sa sûn is om motor te riden. Mei it heljen fan dyn motorrydbewiis ferkoartest dyn libbensferwachting mei fiif jier, sa giet it ferhaal. Foaral yn it foarjier moast ik it oanhearre; wannear't myn motorkollega's en ik (we swaaie nei inoar) wer nei bûten komme, mei it begjin fan it motorseizoen. Wat de dokters yn oplieding om my hinne synysk neame: it donorseizoen.

Ja, it is ek wol wat gefaarlik, mar se jouwe die motorrydbewizen echt net samar mear út tsjintwurdich. Der is in wiere krystbeam fan regels om dat rydbewiis te krijen. Ik sil der net oer útweidzje, mar de kearn is dat se Bertus en Tinus fan ûnder de 21 net mear op de swiere Nortons of BSA's ha wolle. En dat is ek wol in goed idee. Ik wie - krekt - boppe die leeftiid doe't ik begûn, dus ik mocht al op de swiere motorfytsen ride. En wat in fermogen ha dy, se weage minder as ien fiifde fan wat in auto weaget en ha al ferlykber oantal PK's. Teminsten, ast in wat djoerdere motor keapest. Dan lûkst elke sportauto der mei gemak út by in stopljocht. En dat is al in bytsje ferslaavjend, ik jou it ta.

Handich is ek datst 'm oeral sa delsette kinst. Dêr makke ik dan ek goed gebrûk fan: ik riid der mei nei Ahoy om dêr konserten te sjen. Setst sa'n ding gewoan tusken de fytsen foar de doar en it kostet neat. Wylst in auto dêr parkearje gau mear as in tientsje kostet foar in jûn. Oké, echt ûntspannen stie ik net by myn favorite artyst, mar ik hie al moai in tientsje besparre! Dus do hearst it al, ik wist hiel goed hoe't ik dizze ôfgryslik djoere hobby foar mysels goedprate.

Mar ik wenje net geunstich, foar in motor. De masine stiet by my foar de doar en altyd bûten. En dat is net it bêste plak foar sa'n ding. De motor waard hurd minder. It rustket wat, der wie dan dit wer mei en dan dat wer. En ûnderhâld oan in motor is net fiif kear sa goedkeap as oan in auto. Dus krige ik skuldgefoelens wannear't ik 'm stean seach; nuvere skuldgefoelens tsjinoer mysels, oer die djoere en gefaarlike hobby, dy't ik boppedat ek net mear safolle útoefene as yn it begjin.

Doe begûn ik nei te tinken oan ferkeap. En ik woe it earst net fan mysels witte, ik seach it as ferlieze fan mysels. Krekt oft ik alle jild en tiid dy't ik der yn stutsen hie no noch in kear fuortgoai. Dêrnei kaam in rouperioade. En foarich wike ha ik 'm fuort brocht. Ik tocht dat ik my dêr wol even goed beroerd oer fiele soe.

Mar nee. Dat barde net. It fielt opromme. Net langer stiet der foar myn doar in masine dy't om oandacht freget. Net langer kin der wat kapot oan gean. En net langer reint er wiet. Ik kin it elkenien oanriede: stopje ris mei in hobby. Wat in frijheid! Simmeropromming, ha ik it mar neamd, en wat my oanbelanget stopje ik kommende jierren elke simmer mei in hobby."

(advertinsje)