Is Ljouwert klear foar de Reuzen dit wykein?

16 aug 2018 - 07:02

Se komme hieltyd tichterby en de spanning nimt ta: de Reuzen fan teätergroep Royal de Luxe sille fan freed ôf yn Ljouwert omstappe. Der wurde oer de trije dagen fan de foarstelling fan Royal de Luxe fjouwerhûnderttûzen minsken ferwachte. Der moat dus in soad regele wurde om al dy drokte yn Ljouwert yn goede banen te lieden. Is de stêd der klear foar?

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

''Het wordt ontzettend spannend'', seit Martijn Beekhuizen fan LF2018. ''We zijn al maanden aan het voorbereiden, zo niet jaren. En eindelijk is het bijna zover.'' De binnenstêd fan Ljouwert wurdt freed hast folslein ôfsletten. ''Vrijdag gaat eerst de stad in het centrum dicht voor gemotoriseerd verkeer vanaf 07.00 uur 's ochtends tot 20.00 uur 's avonds. Voor fietsers is de binnenstad van 08.00 uur tot 19.00 uur niet toegankelijk.''

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Martijn Beekhuizen fan LF2018

Om de besikers de stêd yn te krijen, binne parkearmooglikheden bûten de binnenstêd realisearre. ''Er zijn grote parkeerterreinen rondom Zuidlanden, de Hemrik en de Swette. Van die parkeerterreinen zet vervoerder Arriva pendelbussen in naar de binnenstad.''

Ynwenners binnenstêd

Minsken dy't yn de binnenstêd fan Ljouwert wenje, moatte der rekken mei hâlde dat se dit wykein faak net by hûs parkearje kinne. ''Bewoners zijn vanaf begin juli op de hoogte gebracht van de afsluitingen'', neffens Beekhuizen. ''Zij worden verzocht buiten de ring te parkeren. Tot op heden is iedereen volgens mij goed op de hoogte. Er heerst ook veel positiviteit rondom het evenement, dat is fijn.''

Dat it in drok wykein wurdt foar elkenien, dêr kin Beekhuizen oer meiprate: ''het wordt hectisch, maar volgens mij wordt het vooral heel erg geweldig!''

(advertinsje)