Bestelbuske brânt út op parkearplak yn Snits

16 aug 2018 - 06:35

De brânwacht moast yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn aksje komme, omdat in bestelbuske oan de Oosthemstrjitte yn Snits yn de brân stie. It buske is troch de brân folslein ferwoaste.

It bestelbuske - Foto: BTBfotografie

Troch fluch op te treden koe de brânwacht foarkomme dat de brân nei de garaazjeboksen oersloech. Der wurdt tocht dat der sprake is fan brânstichting. De plysje docht hjir ûndersyk nei.

Trefwurden: 
brân Snits bestelbus
(advertinsje)
(advertinsje)