Freark Kramer wint nasjonale fierljepwedstriid yn Linschoten

Junior Freark Kramer hat woansdeitejûn de earste wedstriid fan de nasjonale fierljepkompetysje yn Linschoten wûn. Mei in ôfstân fan 19.94 meter bleau er in oare Fries, Jan Teade Nauta, foar dy't nei 18.38 meter ljepte. By de junioaren wie it folsleine poadium Frysk, want Rutger Piersma waard mei 18.06 meter tredde.
Freark Kramer © Martin de Jong
By de manlju wie der gjin Frysk sukses. Oane Galama einige as bêste Fries op it sânde plak; Sytse Bokma folge op it achtste plak. By de froulju wie Sigrid Bokma mei 15.67 meter goed foar it twadde plak. Femke Rispens en Bente Vlas einigen as twadde en tredde by de famkes. Wisse Broekstra en Stefan Douma behellen deselde posysjes by de jonges.