Goud en wrâldrekôr foar Liesette Bruinsma op EK yn Dublin

15 aug 2018 - 21:26

Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat woansdeitejûn op it EK paraswimmen yn Dublin in gouden medalje pakt. Op de 400 meter frije slach wûn Bruinsma mei in wrâldrekôr.

Foto: ANP

Twa jier lyn helle Liesette Bruinsma ek al in gouden medalje op deselde ôfstân op it Europeesk kampioenskip. By de Olympyske Spelen yn Rio wie se ek al de bêste op de 400 meter frije slach.

It EK paraswimmen duorret noch oant en mei snein 19 augustus.

Trefwurden: 
swimmen Liesette Bruinsma EK
(advertinsje)