Nije elektryske fyts út Dokkum
Undernimmer Tom Meindertsma fan Dokkum hat syn eigen elektryske fyts ûntwikkele. Dizze wike binne de earste 100 út Sina binnenkaam. Meindertsma woe ien meitsje dy't goedkeaper is, mar dochs in goede kwaliteit hat.
Trije jier lang hat de eigener fan de fytsesaak mei syn meiwurkers oan de gong west. De fyts hat ek in eigen namme: MEDO. Wat stiet foar Meindertsma Dokkum.