Bestjoerder ferwûne by botsing op N357 by Jelsum

Op de N357 by Jelsum binne woansdeitejûn twa auto's op elkoar botst. As gefolch dêrfan hat de dyk in skoftke ticht west. By it ûngelok is de bestjoerder fan ien fan de auto's ferwûne rekke. Dizze persoan is nei it sikehûs brocht.
© Srfotografie
De twa auto's knalden mei flinke gong achter opinoar. Hoe't de kop-sturtbotsing krekt barre koe, is noch net bekend. In berger hat de auto's fuort sleept.