Tûzenen kilo's ballonnen en peuken fûn op Noardseestrannen

15 aug 2018 - 17:19

Frijwilligers ha mear as 10.000 kilo ôffal fan de Nederlânske Noardseestrannen helle. De ôfrûne fyftjin dagen ha hast trijetûzen frijwilligers dwaande west om de strannen fan Skiermûntseach oant Zandvoort skjin te meitsjen. Yn totaal ha se 11.163 kilo ôffal oantroffen.

In frijwilliger op it strân - Foto: ANP

Dit jier wie der yn it bysûnder omtinken foar ballonresten. Yn totaal waarden der hast fiiftûzen ballonresten opromme. Sigarettepeuken binne ek in grut probleem op de strannen. De frijwilligers hawwe yn totaal 15 tûzen peuken fan de strannen ôfhelle. Dochs is der ek noch in lyts ljochtpuntsje: ferline jier waard der sa'n 3000 kilo ôffal mear fûn. Mooglik komt dit troch de wynstille wiken, en de seestreamen.

"Het afvalprobleem is ontzettend groot"

Floris van Hest, direkteur fan Stichting De Noordzee, hat in dûbeld gefoel oer de resultaten: "We zijn ontzettend blij dat we hulp hebben gekregen van zoveel vrijwilligers en er samen voor kunnen zorgen dat 11.163 kilo afval niet in zee terechtkomt. Tegelijkertijd laten deze resultaten zien dat het afvalprobleem nog steeds ontzettend groot is. Het blijft noodzakelijk om het afvalprobleem bij de bron aan te pakken."

By de Beach Cleanup Tour binne de meast bizarre saken fûn. Sa fûnen frijwilligers dit jier in hurde skiif, in Sineeske pot tofû, in Dútske waarsonde, ferskate WC-brillen, tillefyzjes en in stik rails fan in boartersguodtrein. It grutste part fan it ôffal bestiet út plestik: doppen, fisknetten, drank- en snobbersguodferpakkingen en lytse stikjes plestik.

Trefwurden: 
Noardsee strannen
(advertinsje)