Argewaasje oer tankstasjon Goutum rint heech op

15 aug 2018 - 17:10

De ferhierders fan it Gulf-tankstasjon yn Goutum hawwe goeie hoop dat it ûnbemanne tankstasjon oan de Sudertrimdielsdyk wer fuorthelle wurde sil. Sa die woansdei bliken by in rjochtsaak yn Den Haag.

Tankstasjon - Foto: Shutterstock.com

Neffens de ferhierders Gjalt en Tjerk Binnema hat de gemeente Ljouwert in krúsjale flater makke by de fergunning foar de ûnbemanne Tango-pomp. Se fine dan ek dat de Ried fan Steat de omjouwingsfergunning ferneatigje moat. Der soe in fergunning wêze foar detailhannel en net foar in bedriuw. Neffens de gemeente Ljouwert is in brânstofferkeappunt lykwols in detailhannelbestimming.

De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)