Hearrenfean betinkt slachtoffers fan Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriid
Op It Hearrenfean wurdt woansdeitejûn fan sân oere ôf de jierlikse Ynjebetinking hâlden, by it monumint oan it Gashoudersplein. Der wurdt stilstien by alle boargers en militêren dy't omkamen by de Japanske besetting, en de ûnôfhinklikheidsstriid fan Yndonezië dy't dêrop folge.
De betinking begjint mei in taspraak fan boargemaster Tjeerd van der Zwan. Dêrnei komt in lid fan it Feteraneplatfoarm oan it wurd en wurdt noch in minút stilte hâlden.
Kapitulaasje
Mei de kapitulaasje fan Japan, as gefolch fan de bombardeminten op de stêden Nagasaki en Hiroshima, kaam 73 jier lyn offisjeel in ein oan de Twadde Wrâldoarloch. Yn Nederlân wie de striid trije moannen dêrfoar (op 5 maaie 1945) al ta in ein kaam.