Fûgelwacht en boeren op de bres foar greidefûgels

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten en it boerekollektyf Agrarysk Fryslân ha de hannen yninoar slein. Foar it earst is in gearwurkingsferbân sletten om de kommende fjouwer jier de soarch foar en beskerming fan de greidefûgels oer hiel Fryslân te yntinsivearjen. Oant no ta wie it tal lokaasjes, dêr't yn de provinsje gearwurke waard, beheind.
Skries © Henk Bootsma
Neffens foarsitter Rendert Algra fan it bûn is it nije ferdrach tusken de partijen in wichtige stap foarút. "Sa ha de fûgelwachten en neisoargers no mear mooglikheden om sawol de nêsten as de ûntwikkeling fan jonge fûgels yn byld te bringen."
"Boppedat kin, troch in bettere monitoaring, de fûgelstân op letter momint noch bystjoerd wurde troch de ynset fan de boeren. As troch saneamde alarmtellingen bliken docht dat op in hoeke lân noch in protte piken sitte, dan is de boer no ree om it meanen noch efkes út te stellen", sa seit Algra. Neffens him sil ek it provinsjebelied profyt ha fan de ynformaasje dy't it gearwurkingsferbân opsmite sil oer de greidefûgels yn Fryslân.