Middenfjilder Ben Rienstra nei SC Hearrenfean

Ben Rienstra is de nije oanwinst fan SC Hearrenfean. De 28-jierrige middenfjilder komt oer fan AZ, dat him ferline seizoen al útliende oan Willem II. Yn Tilburg wie Rienstra mei 10 doelpunten yn 30 wedstriden tige suksesfol. Dit seizoen gie Rienstra werom nei Alkmaar, mar by AZ is der gjin takomst foar de rûtinier. Rienstra hat in kontrakt tekene foar trije seizoenen by SC Hearrenfean.
Ben Rienstra sette syn fuotbalkarriêre yn 2010 útein by Heracles Almelo. By dy klup spile hy yn totaal fjouwer seizoenen om dêrnei de oerstap nei PEC Zwolle te meitsjen. Nei ien seizoen by PEC tekene hy in kontrakt foar fiif jier by AZ. Yn totaal spile hy 50 wedstriden foar de ploech út Alkmaar, mar de lêste seizoenen kaam hy net mear foar yn de plannen fan trainer John van de Brom.

Oare spilers

Mei de komst fan Rienstra hâldt SC Hearrenfean rekken mei in eventueel fuortgean fan Morten Thorsby en Yuki Kobayashi. Foar beide middenfjilders is ynteresse en Hearrenfean hat al oanjûn dat beiden by in goed bod fuort meie. Boppedat is Stijn Schaars noch altyd blessearre. Ek Pelle van Amersfoort mei fuort.