Minne start foar swimbaden

28 jun 2012 - 12:32

De iepenloftswimbaden hawwe oant no ta in min seizoen mei folle minder besikers as oars. De abonnemintshâlders, de saneamde baantsjelûkers, dy komme ek as it wat kâlder is, mar de rekreaasjeswimmers bleaune fuort en dat skeelt samar hûnderten besikers op in dei. Guon swimbaden giene dêrom de ôfrûne wiken earder ticht as oars.

It swimbad op De Gordyk wie de ôfrûne tiid like lang iepen as oars. As der mar in bytsje swimmers wiene, waard it swimbad foar de helte ôfdutsen mei in kleed, om de stookkosten te beheinen.

It swimbad yn Wommels hat dit seizoen hast likefolle besikers hân as ferline jier. Dat komt ûnder oare omdat alle basisskoallen fan de gemeente Littenseradiel ien kear yn 'e wike yn it swimbad komme foar 'wettergymnastyk'. Swimbad Haulewelle yn Haulerwyk luts dit seizoen oant no ta 9.000 besikers. Ek dat is minder as ferline jier om dizze tiid.

Trefwurden: 
besikers swimbaden
(advertinsje)