Súdwesthoeke wint foar it earst yn jierren wer in SKS-wedstriid
De Súdwesthoeke hat it skûtsjesilen by De Lemmer wûn. Foar skipper Auke de Groot is it foar it earst sûnt 2011 dat er wer in deipriis pakt. Mei triennen yn de eagen. "It is dreech te beskriuwen hoe't dit fielt. It is geweldich." De bemanning gong yn polonêse oer it dek.
De winner fan de silerij by De Lemmer
Op advys fan de SKS hie de wedstriidlieding by De Lemmer foar in sleepstart keazen, om de skippen te kompenearjen dy't op De Feanhoop in ûngeunstich startnûmer lotte hienen. Dy skûtsjes starten by De Lemmer foaroan. De Súdwesthoeke profitearre dêr maksimaal fan. De bemanning hie de seilen gau omheech, en hat de foarsprong net mear út hannen jûn.
De sleepstart by De Lemmer
Titelkandidaat Earnewâld sylde in minne wedstriid, en rekke de kopposysje yn it klassemint kwyt. Mei Grou starte Earnewâld hast hielendal achteroan yn de sleep. Grou koe omheech sile, mar Earnewâld koe dat net.
De finish fan de silerij by De Lemmer
Hearrenfean nimt de lieding yn it klassemint oer. Dat skûtsje helle by De Lemmer in fjirde plak, en hat no 32,7 punten. Grou hâldt mei 35,8 punten it twadde plak yn it klassemint fêst. De âlde koprinner Earnewâld sakke werom nei it tredde plak, ien tsiende punt achter Grou, mei 35,9 punten.
Geartsje de Vries yn petear mei skipper Sytze Brouwer fan Hearrenfean
De lêste skippen komme oer de finish by De Lemmer (1)
Der binne noch twa wedstriden te gean. Tongersdei wurdt der opnij syld yn de baai by De Lemmer. Freed is de slotwedstriid op de Snitser Mar.