Ekstra tafersjoch op stook- en smookferbod by Psy-Fi festival

15 aug 2018 - 15:22

It Ljouwerter festival Psy-Fi set ekstra minsken yn om it stook- en smookferbod op it festivalterrein yn it Griene Stjergebiet yn de gaten te hâlden. It hat de ôfrûne dagen wol reind, mar it brângefaar is noch net foarby yn it gebiet.

Psy-Fi festival - Foto: Omrop Fryslân

Op it kampearterrein fan it festival mei gjin fjoer brûkt wurde, dus gjin barbecues of kampfjoer. Yn oerlis mei de brânwacht hat de organisaasje besletten, dat der 24 oeren deis minsken binne dy't besikers wize op it brângefaar. Sy hawwe ek brânblussers by har foar as it dochs misgiet. It terrein fan de Griene Stjer leit op feangrûn en in brân soe grutte gefolgen hawwe.

It Psy-Fi festival is woansdeitemoarn offisjeel iepene en duorret oant en mei snein. Der wurde yn totaal 15.000 minsken ferwachte. De helte fan de besikers is yntusken oankaam.

(advertinsje)
(advertinsje)