Fries Museum langer iepen om Escher-tentoanstelling

15 aug 2018 - 15:05

It Fries Museum yn Ljouwert sil de kommende moannen ek op moandeitemiddei iepen wêze. Gewoanwei is it museum dan ticht, mar troch it grutte oantal belangstellenden foar de tentoanstelling oer Escher is derfoar keazen, om de iepeningstiden oan te passen.

'Relativiteit', houtsnede út 1953 - Foto: www.mcescher.nl

De útstalling oer de Ljouwerter keunstner rint al sûnt april en hat yntusken al mear as 130.000 minsken nei it museum lutsen. Der wie al besletten om yn de simmermoannen op moandeitemiddei ekstra iepen te wêzen. Dizze iepeningstiden wurde no trochlutsen nei septimber en oktober. De eksposysje Escher op Reis is noch oant 28 oktober te sjen.

Trefwurden: 
Fries Museum Escher Ljouwert
(advertinsje)