Kearnefûns Súdwest-Fryslân populêr yn lytse doarpen

15 aug 2018 - 14:55

It Kearnefûns fan de gemeente Súdwest-Fryslân is goed brûkt. De pot fan 380.000 euro is ferline jier hast hielendal opgien oan tsientallen lokale projekten. It giet dan ûnder oare om spesjaal glês foar de Broeretsjerke yn Boalsert, in fuotbalfjildsje yn Skraard of in toiletgeboutsje foar Twellingea. Oare populêre bestimmingen wiene doarpstunen, blombakken en kuierpaden.

Wethâlder Maarten Offinga is bliid mei it fûns. By de gemeentlike weryndieling yn 2011 wiene in soad lytse doarpen bang dat de ôfstân mei de grutte gemeente te grut wurde soe. It fûns lit neffens Offinga sjen dat dat net sa is. Foar dit jier sit der 420.000 euro yn de pot en hast de helte fan dat bedrach is al tasein oan projekten.

(advertinsje)