LIVE: SKS besiket nije sleepstart by De Lemmer

15 aug 2018 - 13:22

De SKS wol ien fan de wedstriden by De Lemmer graach mei in sleepstart begjinne. Dat soe by Wâldsein al, mar doe koe it net trochgean omdat it te hurd waaide. Yn de baai by De Lemmer wurdt woansdei wynkrêft fjouwer ferwachte. As it net slagget om in sleepstart te hâlden, wol de SKS it tongersdei opnij besykje. De wedstriidkommisjes ha dêrom de sleepstart opnommen yn de pleatslike bepalingen.

By in sleepstart starte de skûtsjes efterinoar, yn in lange sleep. As it startskot klinkt, wurde de trossen lossmiten, en geane de seilen omheech. De lêste kear dat dit barde, wie yn 2016 by Earnewâld. As it te hurd waait, of as de weagen te heech binne, is in sleepstart net mooglik, Dan driuwe de skûtsjes op mekoar foardat se de seilen omheech ha.

In sleepstart moat de skûtsjes dy't by Earnewâld in geunstige startposysje hienen temjitte kommen. Dy wedstriid is net troch gien. De skippers hiene lotte om de startfolchoarder te bepalen. Skûtsjes dy't by Earnewâld foaroan leinen, begongen in dei earder achteroan, by de wedstriid fan De Feanhoop.

Klassemintslieder Earnewâld begint hast hielendal achteroan, krekt as Grou, dy't yn it klassemint op it tredde plak stiet. Hearrenfean mei as fjirde starte.

De startfolchoarder op De Feanhoop en by Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân

Wedstriidlieder Jaap Frankema oer de sleepstart

It kin wêze dat de wedstriid wat earder begjint as om twa oere. Dat hinget derfan ôf hoe lang oft it duorret om de sleep te foarmjen. As it net slagget, of as de sleep brekt, sil de wedstriidlieding net besykje om in nije sleep te meitsjen. Dan komt der in reguliere start.

Yn de top fan it klassemint is it razend spannend. Earnewâld is noch earste, mei 26,9 punten. Hearrenfean is twadde, en Grou tredde. Dy beide skûtsjes ha 28,8 punten. Hearenfean stiet twadde. Mei in likense stân telt de útslach fan de lêste wedstriid. Dy wûn Hearrenfean. De Lemmer en Akkrum steane op it fjirde en fyfde plak. Dy beide skûtsjes ha 36 punten.

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

(advertinsje)