PSV meldt him by Hearrenfean

28 jun 2012 - 12:17

PSV hat SC Hearrenfean offisjeel witte litten dat se ynteresse hawwe foar oanfaller Luciano Narsingh. "PSV heeft zich inderdaad gemeld, maar heeft nog geen bod neergelegd", seit technysk direkteur Johan Hansma yn in reaksje.

PSV is nei Ajax de twadde Nederlânske klup dy't Narsingh oernimme wol. Al hat Ajax neffens Hansma nea in offisjeel bod dellein. "Ajax heeft alleen een indicatie afgegeven wat ze willen betalen, maar dat is intussen al zo lang geleden, daar zit stof op".

Neffens Turkse media soe in oergong fan Oussama Assaidi nei Galatassaray hast rûn wêze. Hansma: "Wij weten van de interesse, dat is alles". De oanfaller ûntbrekt sneon by de earste training fanwege tryste famyljeomstannigheden.

Hansma giet derfan út dat sawol Assaidi as Narsingh noch ferkocht wurde sille. "Het zou wel heel naïef zijn om er 100% van uit te gaan dat beide spelers hier blijven". Dat is de reden dat Hearrenfean noch fersterking siket foar yn de oanfal. Fierder wol de nije klup fan Marco van Basten noch in rjochtsback en in middenfjilder.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)