Soad animo natuerwurkdei

© Omrop Fryslân
De natuerwurkdei lûkt in rekôrtal dielnimmers. Neffens de organisaasje fan Lânskipsbehear Fryslân binne sneon sa'n 700 frijwilligers yn de natuer oan de gong. Se snoeie beammen, slepe tûken of meitsje sleatten of puollen skjin. Der wurdt op 16 plakken wurke lykas de bosken fan Appelskea, Oranjewâld en Beetstersweach.
Lânskipsbehear tinkt dat it grutte tal frijwilligers mei te ferklearjen is troch it moaie waar. Lanlik dogge 12.000 frijwilligers mei.