Boatsjeminsken ferwûne by brân op kruser yn Parregea

15 aug 2018 - 13:15

Twa boatsjeminsken binne ferwûne rekke by in brân op in kruser. Dat wie yn Parregea. In tsjûge meldt dat buertbewenners de slachtoffers opfongen ha, en ûnder de dûs set, oant de ambulânse der wie.

Foto: CAMJO Media

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. It skipfeartferkear op de Warkumer Trekfeart hat koarte tiid stillein troch de brân. De slachtoffers binne nei it silehûs brocht.

Trefwurden: 
brân boat Parregea
(advertinsje)