Ierappeldolle: Wat bringt it op?
De risping fan ierappels set stadichoan rûnom yn Fryslân útein. It liket der op dat dit jier wol in tredde minder opbringst is as oare jierren. Dat binne de gefolgen fan de drûchte fan de ôfrûne tiid. Ierappelboeren belibje spannende tiden, want dizze dagen wurdt dúdlik hoe't it der foar stiet.
"It is mar goed dat der ferline wike noch wat rein fallen is, oars hie it der hielendal net goed útsjoen", tinkt ierappelboer Tseard Wilman fan Wâlterswâld. Hy is woansdei begûn mei de risping fan syn Wâldgieltsjes, in âld en lyts ierappelras. Mar der komme minder út de grûn as oare jierren.