Mear kontrôle op boaiemdelgong
De boaiemdelgong troch de gaswinning ûnder it Waad bliuwt beheind. Dat stelt de kommisje foar miljeu-effektrapportaazje, dy't de Nederlandse Aardolie Maatschappij kontrolearret. It is noch net te sizzen oft de natoer skea hat fan de gaswinning, dêrfoar is ûndersyk nedich oer in langere termyn.
De kommisje fynt dat de NAM de mjitprogramma's om de delgong yn de gaten te hâlden, better op inoar oanslute litte moat.