Arriva hellet treinen út Limboarch om de reuzedrokte oan te kinnen
Der wurde it kommende wykein Limboarchske treinen ynset om de drokte fan de Reuzen oan te kinnen. Ferfierder Arriva hellet yn totaal fjouwer treinen út it Suden wei.
Neffens direkteur Anne Hettinga is it unyk dat der treinen út in oare regio helle wurde. It is ek in hiele klus om se hjirre te krijen. Sa moatte de treinen in lange rûte ôflizze op in drok railnetwurk. Dêrnjonken binne se moandeitemoarn alwer nedich yn Limburch. "Zondagnacht, als iedereen aan het nagenieten is van het evenement, is bij ons een heel team bezig om die treinen weer naar Limburg te brengen", sa fertelt Hettinga.
Arriva set fierder alle treinen yn it Noarden yn om de ekstra stream minsken goed nei Ljouwert te krijen. Der wurde mear ritten riden, en de treinen binne ek langer. Der wurde dit wykein tusken de 300 en 400.000 minsken yn Ljouwert ferwachte.
Bussen
Op alle dagen fan it evenemint sil der foar in grut tal buslinen in oanpaste tsjinstregeling jilde. Benammen yn Ljouwert binne der grutte oanpassingen. Mei hjirtroch moatte reizgers rekken hâlde mei in langere reistiid. De oanpaste bustsjinstregeling is werom te finen op de site fan Arriva.
Personiel
Om de tsjinstregelingen allegearre rûn te krijen is der ekstra personiel nedich. Arriva hat dêrom ûnder har meiwurkers in oprop dien foar frijwilligers foar de ekstra tsjinsten yn Fryslân. Hjirre binne in soad reaksjes op kaam. Under oare masinisten en sjauffeurs út Leiden en Den Bosch komme dit wykein nei Fryslân ta om mei te helpen. Ek sille guon meiwurkers fan it haadkantoar, dy't in busrydbewiis hawwe, wer achter it stjoer krûpe om de minsken nei Ljouwert te bringen.
De oare kantoarmeiwurkers wurde ynset as steward op de stasjons of op de parkearlokaasjes om Ljouwert hinne.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.