De Knipe kin los mei ynrjochting shared-spacegebiet

Bewenners fan de Meyerwei yn De Knipe binne der mei de gemeente Hearrenfean út kaam wat de nije ynrjochting fan in diel fan de dyk oanbelanget. Der drige opûnthâld te ûntstean by it ynrjochtsjen fan in shared-spacegebiet by Nij Brongergea omdat it net dúdlik is fan wa't de grûn is.
De Meyerwei troch De Knipe © Google Streetview
De gemeente Hearrenfean ferskilt mei de omwenners fan miening oer it eigendom fan de stroken grûn dy't nedich wiene foar de oanlis fan it nije stik dyk. Se ha no besletten dat de stroken bûten de werynrjochting falle. Mei dy oplossing kin de oannimmer sûnder fertraging oan de slach.
De plannen foar it gebiet © Gemeente Hearrenfean