Soargen oer leechstân Ljouwerter winkelsintrum Saailân

15 aug 2018 - 09:59

De Ljouwerter PvdA-fraksje makket him grutte soargen oer de leechstân yn it winkelsintrum Saailân. It sintrum stiet foar trijekwart leech en liket neffens de fraksje op stjerren nei dea. De winkels dy't wol yn it sintrum sitte, binne foar in grut part tydlik. It probleem soe benammen komme om't ferhierder Achmea him net fleksibel opstelle soe. Troch dy hâlding binne guon hierders nei oare plakken yn de stêd ferhuze.

Foto: Vereniging Promotie Zaailand

De PvdA hat it oer in persoanlik drama foar de belutsen ûndernimmers, mar ek oer in mienskiplik probleem foar de stêd. Se wol dêrom fan it kolleezje witte wat dy de ôfrûne jierren dien hat om it probleem op te lossen en as der noch aksjes oan sitte te kommen. De fraksje trunet oan op in nij profyl foar it winkelsintrum en it Ruterskertier.

(advertinsje)