Kommende dagen net swimme yn Dokkumer Grutdjip

15 aug 2018 - 08:25

De wetterkwaliteit fan it Dokkumer Grutdijip is tydlik folle minder. Wetterskip Fryslân advisearret om de kommende dagen net te swimmen yn it wetter tusken Dokkum en de Lauwersmar.

Foto: De Vries Media

Troch in ûndergrûnske liedinglekkaazje yn de rioelwettersuvering Dokkum, is suveringsslib yn it Dokkumer Grutdjip telâne kaam. Op moandei 13 augustus waard it lek ûntdutsen. It lek is daliks reparearre.

Op basis fan de earste analyze advisearret Wetterskip Fryslân út foarsoarch om de kommende dagen net te swimmen yn it Dokkumer Grutdjip tusken Dokkum en de Lauwersmar. Ek is it net goed om it wetter te brûken as drinkwetter foar fee. It wetter wurdt no safolle mooglik trochspield.

Wetterskip Fryslân ferwachtet dat it negative effekt op de wetterkwaliteit beheind is. Dit komt omdat der in protte reinwetter fallen is. It slib is dêrtroch fertinne yn it oerflaktewetter telâne kaam. De ferwachting is dat de baktearjes mei de wettertemperatuer fan no net langer as trije dagen oerlibje sille. Der wurde ekstra wettermeunsters naam om de wetterkwaliteit te folgjen. De resultaten binne oan de ein fan de wike bekend

Troch de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden mjit Wetterskip Fryslân no op ekstra punten yn Dokkum de wetterkwaliteit.

Egbert Berenst fan Wetterskip Fryslân

Foto: De Vries Media
(advertinsje)