Kollum: "Reus"

15 aug 2018 - 07:48

"Kommend wykein wurdt it meast fantastyske wykein wat we hjir yn Fryslân ea belibbe ha. De besite fan keninginne Máxima falt folslein yn it neat. De Alvestêdetocht fan 1985 is net mear as in skeet op in plankje. It protest tsjin in ferbod op ljipaaisykjen yndertiid yn Thialf, net mear as in rûzich ploechje fersetsstriders. 15 april 1945, lit my net laitsje. Simmer 2000 wurdt in lachertje. Kneppelfreed, ach úteinlik wiene dat mar in pear djipFriezen.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Kommend wykein komme der reuzen nei Ljouwert. Ik warskôgje elkenien alfêst efkes, it binne gjin echte reuzen. Reuzen binne noait echt, Ja, der binne tsjintwurdich ek hiele lange minsken, mear as eartiids doe't we noch yn spitketen tahâlde moasten. Dat binne soms reuseftige lju, mar it binne gjin reuzen. Reuzen komme foar yn mearkes.

It soe wol goed wêze dat al dy lju dy't tinke dat echte reuzen yn Ljouwert omstifelje teloarsteld ôfheakje en net nei Ljouwert komme, want dêr komme fierstente folle minsken. De organisatoaren tinke 650.000, mar as ik hear wa't der allegearre hinne wolle, wurde dat der folle, folle mear. As de plysje safolle minsken by in Alvestêdetocht net ha wol, dan kin dat no ek net. Minsken binne ek noch sa dat as der reuzen yn Ljouwert binne , dan wolle se net yn Hurdegaryp, Wergea of Deinum parkeare. Dus dat wurdt in gaos.

Boppedat kinne dy twa of trije reuzen mar op ien plak tagelyk wêze. Hoe krije je 650.000 minsken op dy trije plakken. En it is in mearke, dus se sykje in droevige tiid lang om elkoar, mar komme elkoar dochs tsjin, want se binne fereale. Op dat plak komme in miljoen minsken. Ja dy reuzen binne wol grut, mar ik wol net sa'n grutte gewoane fint foar my stean ha, want dan sjoch ik neat. Oan 'e kant. Gaos.

Boppedat wurde dy reuzen fansels bestjoerd troch allegear kompjûterfreaks, de iene hat de knibbel, de oare de tosken of sa, dus dy moatte der ek noch allegearre efteroan rinne. Mar dêr stean al dy oan de kant skode grutte gewoane minsken al. Gaos.

Ik ha my ôffrege wat de betsjutting fan dy reuzen is. Fansels wûnderbaarlik, dat is sa. Je hienen miskien better in stik greide fine kinnen dêr't de kompjûterreuzen har mearke spilen, dan hienen we it allegear sjen kinnen. En de figuerlike betsjutting. Wêrom hat Ljouwert de reuzen? De reuseftige kroan op kulturele haadstêd sei immen. We moatte yn dit kulturele jier dochs wat oars ha as te lûde festivals. De minsken moatte hjir ek komme en minsken komme foar wat spesjaals. Mar de bêste tekst wie de meast logyske: Ljouwert wol altyd grutter lykje as it werklik is. Smeulske wierheden.

Mar neffens ferwachting kin dat nimmen wat skele en komt de hiele provinsje en gâns bûtenlanners nei Ljouwert, want de Ljouwerter Krante skriuwt al trije jier lang tige wiidweidige stikken oer de reuzen, safolle omtinken krijt it keatsen net iens mear. Dus de provinsje is leech.

En dat is handich, want dêr ha we wer in Alvestêdetocht. Nei it riden, rinnen, fytsen, skeelerjen, surfen, autoriden, motorriden, boatsjefarren sil der no ien swimme. De Alvestêdetocht is yn estafettefoarm wolris ferswom, mar no docht ien it. Maarten van der Weijden. Trije dagen komt hy net út it wetter. Sa no en dan moat hy yn in sek bewuolle wurde en slepe se him oer de slûsdoaren hinne, mar yn dy sek is it ek wiet.

Ek soks moat in betsjutting ha fansels. Dat is ek sa. Hielendal allinnich is Maarten no ek wer net. Hy hat in slinger jûn en no binne der allerhanne ferneamde minsken, lykas Maarten Offinga en Freek de Jonge, dy't ek in eintsje mei swimme sille. Ik ha der lang oer neitocht, Freek de Jonge swimmend njonken Maarten van der Weijden, ik kin my der gjin foarstelling fan meitsje. Dat moat ik sjen, en dat kin, want hy moat yn Starum tusken de skûtsjes troch.

No docht Maarten it foar in goed doel, it Keninginne Wilhelmina Fûns. Dus it giet sa. Wy Friezen stoarte jild op Maarten syn rekken en gean dan nei de reuzen yn Louwert. Mar de grutste reus swimt troch Fryslân."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)