Brânwacht warskôget noch hieltyd foar drûchte yn natuer

15 aug 2018 - 06:12

De brânwacht yn Fryslân warskôget minsken dat se noch hieltyd foarsichtich wêze moatte mei iepen fjoer yn de natuer. Troch de lange hjitteweach binne de planten fan binnen útdrûge. Dat ferklearret ek de hjerstkleuren fan no. De buien fan de ôfrûne wike ha de natuer wol goed dien, mar binne net genôch.

Foto: Omrop Fryslân, Feike Wouda

De planten ha tiid nedich om harren fol mei wetter te sûgjen. De brânwacht freget minsken dan ek om de oanwizingen fan gemeenten te folgjen. In soad gemeenten ha de lêste wiken in stookferbod ynsteld.

Foto: Omrop Fryslân, Feike Wouda
(advertinsje)