PVV: bussen yn eigen lân bouwe

PVV
De provinsjale PVV fynt dat de elektryske bussen foar Skiermûntseach yn Nederlân makke wurde moatte en net yn Sina. De bou kin in moaie stimulâns foar de wurkgelegenheid wêze. De PVV fynt ek dat de bussen mooglik te swier wurde foar de diken fan Skiermûntseach. As in bus neist de dyk rekket soe dy sûnder takelwein net wer op de dyk komme kinne.
Yn Rotterdam rydt al in elektryske bus fan Nederlânske makkelij, dy is keazen ta stedsbus fan 2012.