Sloepbouwer Wâldsein hat it drok mei de bou fan nije sloepen

14 aug 2018 - 22:15

Sloepbouwer Aquatec yn Wâldsein hopet dit jier twahûndert skippen te bouwen, seit direkteur Klaas Schiphof. Dat is de helte mear as wat der sa'n seis, sân jier lyn ferkocht waard en tsien prosint mear as ferline jier.

In nije sloep wurdt klearmakke foar in klant. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De merk lûkt dúdlik wer oan en dat komt net allinnich omdat minsken mear fertrouwen hawwe yn de ekonomy. It waarme simmerwaar spilet ek in rol. Dêrnêst hat de werf derfoar keazen om yn de minne tiid jild te stekken yn it ûntwikkeljen fan nije modellen. En dat betellet him no út.

Benammen foar iepen boaten tusken 30.000 en 50.000 euro is in soad belangstelling. Hoewol't neffens Ronald Jansma fan Jansma Jachtbemiddeling yn Snits de ferkeap fan lúkse motorjachten noch wol in oppepper brûke kin, liket de krisis yn de boateferkeap foar it grutste part wer foarby. Schiphof fan Aquatec hat de yndruk dat it mei sylboaten noch net sa hurd giet en ek by guon staalbouwers kin it noch wol better.

Ferslachjouwer Remco de Vries is by de sloepbouwer yn Wâldsein

(advertinsje)
(advertinsje)